Twa promovendy - Fryske Akademy - Ljouwert

Je kunt niet meer op deze vacature solliciteren (deadline was 6 feb ’22)

Let op: Je kunt niet meer op deze vacature solliciteren (deadline was 6 feb ’22). Bekijk het actuele vacature aanbod of kies een item in de hoofdnavigatie hierboven.

Twa promovendy - Fryske Akademy - Ljouwert

Deadline Gepubliceerd op Vacature ID AT2022-001

Academic fields

Taal en cultuur

Job types

PhD

Education level

Universitair

Salary indication

€2443—€3122 per maand

Location

Doelestraat 8, 8911 DX, Leeuwarden

Bekijk op Google Maps

Functieomschrijving

Yn gearwurking mei de Universiteit van Amsterdam binne wy op syk nei twa promovendy foar twa projekten.

Funksje ynformaasje
De Fryske Akademy biedt yn gearwurking mei de Universiteit van Amsterdam twa promoasjeplakken foar fjouwer jier op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Ast op syk bist nei in nijsgjirrich wurkplak dêr’tst selsstannich ûndersyk dwaan kinst en dêr’t belangstelling foar de Fryske taal ferbûn wurdt mei eigentiidsk ûndersyk oan ien fan de Europese topuniversiteiten op it mêd fan Taalwittenskip, dan biede wy no twa unike mooglikheden. Troch de gearwurking fan FA en UvA krijst tagong ta in sterke, ynternasjonale ûndersyksomjouwing en tagelyk ta spesjalistyske kennis oer Fryslân en de Fryske taal.
Wy biede twa plakken om twa fan fiif mooglike ûndersyksprojekten dy’t yn de projektbeskriuwing ‘The Remarkable Resilience of Frisian’ beskreaun wurde, út te fieren (sjoch op www.fryske-akademy.nl/fakatueres). Do skriuwst yn fjouwer jier in proefskrift oer ien fan de fiif ûnderwerpen út de projektbeskriuwing
Dêrfoar binne wy op syk nei kandidaten dy’t goed thús binne yn de Fryske taal – foar in pear projekten op native nivo – en in eftergrûn yn of dúdlike affiniteit hawwe mei de taalkunde of letterkunde (histoaryske taalkunde/filology, fonology/fonetyk, taalfariaasje, taalsosjology/ sosjolinguistyk).

Functie-eisen

  • in mastertitel mei treflike sifers yn in oanbelangjend fakgebiet;
  • fereaske talekennis : sjoch de projektbeskriuwingen
  • treflike akademyske skriftlike en mûnlinge feardichheden;
  • goede sosjale en organisatoaryske feardichheden;
  • grutte belangstelling foar in wittenskiplike karriê re.
  • oanfoljende easken per projekt steane yn de projektbeskriuwing.

Arbeidsvoorwaarden

Oanstelling
De promovendy wurde foar in perioade fan 4 jier oansteld. Yn earste ynstânsje wurdt in kontrakt fan 1 jier oanbean, mei in ferlinging foar de folgjende jierren op grûn fan in evaluaasje fan, ûnder mear, in skriftlik ûndersyksresultaat. Wy biede in foltiidske promovendus oanstelling (38 oeren wyks) foar 4 jier, leafst begjinne op 1 april 2022.
It salaris is, by in folsleine oanstelling, yn it earste jier € 2.443 P skaal 0 smoarch yn 'e moanne, oprinnend oant € 3.122 smoarch yn it lêste jier. Geunstige arbeidsbetingst en hâlde yn: fakânsjejild en einjiersútkearing, neffens de cao Nederlandse Universiteiten. Wy biede in rom pakket fan sekundêre arbeidsbetingsten.

Werkgever

Fryske Akademy

De Stifting Fryske Akademy docht wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, de meartalige maatskippij en de regionale skiednis fan Fryslân en leveret dêrmei in kritysk-opbouwende bydrage oan it ynternasjonale wittenskiplike debat en oan hoe't de mienskip him ûntjout.
Al is de Fryske Akademy oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) liearre, it ynstitút sit stevich yn de regio bewoartele.

Sollicitatieprocedure

Sollisitaasjes
Do kinst sels ien of twa fan de fiif ûnderwerpen útkieze, dêr’tsto fan tinkst dat dat it bêst by dyn kennis en feardichheden oanslút. Do skriuwst oer it ûnderwerp fan dyn kar in ynhâldlike skôging fan likernôch 500 oant heechstens 1000 wurden, dêr’tst dyn fizy op it ûnderwerp en de oanpak beskriuwst. Dêrneist ûntfange wy fan dy graach in persoanlik motivaasjebrief en in CV, in oersjoch
fan behelle diploma's en behelle sifers, in relevante ûndersykspaper en/of masterskripsje moogli k
mei in publikaasjelist en ien of twa referinsjes.
Op basis fan dy stikken nûgje wy kandidaten út foar in petear. It earste petear sil online plakfine. Ut dy earste seleksjeomgong selektearje wy maksimaal 4 kandidaten (foar de twa plakken tegearre), dy’t frege wurde om in wiidweidiger projektútstel yn te tsjinjen. Details dêrfoer sille yn dat stadium bekend makke wurde.
Sollisitaasjes foar 7 febre waris 2022 ynstjoere nei de Fryske Akademy, foar Nora Pratley

Sollisitaasjepetearen binne pland yn de wike fan 14 febrewaris.