Je kunt niet meer op deze vacature solliciteren (deadline was 6 feb 2022).
Bekijk het actuele vacature aanbod of kies een item in de hoofdnavigatie hierboven.
Yn gearwurking mei de Universiteit van Amsterdam binne wy op syk nei twa promovendy foar twa projekten.
Funksje ynformaasje
De Fryske Akademy biedt yn gearwurking mei de Universiteit van Amsterdam twa promoasjeplakken foar fjouwer jier op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Ast op syk bist nei in nijsgjirrich wurkplak dêr’tst selsstannich ûndersyk dwaan kinst en dêr’t belangstelling foar de Fryske taal ferbûn wurdt mei eigentiidsk ûndersyk oan ien fan de Europese topuniversiteiten op it mêd fan Taalwittenskip, dan biede wy no twa unike mooglikheden. Troch de gearwurking fan FA en UvA krijst tagong ta in sterke, ynternasjonale ûndersyksomjouwing en tagelyk ta spesjalistyske kennis oer Fryslân en de Fryske taal.
Wy biede twa plakken om twa fan fiif mooglike ûndersyksprojekten dy’t yn de projektbeskriuwing ‘The Remarkable Resilience of Frisian’ beskreaun wurde, út te fieren (sjoch op www.fryske-akademy.nl/fakatueres). Do skriuwst yn fjouwer jier in proefskrift oer ien fan de fiif ûnderwerpen út de projektbeskriuwing
Dêrfoar binne wy op syk nei kandidaten dy’t goed thús binne yn de Fryske taal – foar in pear projekten op native nivo – en in eftergrûn yn of dúdlike affiniteit hawwe mei de taalkunde of letterkunde (histoaryske taalkunde/filology, fonology/fonetyk, taalfariaasje, taalsosjology/ sosjolinguistyk).
Oanstelling
De promovendy wurde foar in perioade fan 4 jier oansteld. Yn earste ynstânsje wurdt in kontrakt fan 1 jier oanbean, mei in ferlinging foar de folgjende jierren op grûn fan in evaluaasje fan, ûnder mear, in skriftlik ûndersyksresultaat. Wy biede in foltiidske promovendus oanstelling (38 oeren wyks) foar 4 jier, leafst begjinne op 1 april 2022.
It salaris is, by in folsleine oanstelling, yn it earste jier € 2.443 P skaal 0 smoarch yn 'e moanne, oprinnend oant € 3.122 smoarch yn it lêste jier. Geunstige arbeidsbetingst en hâlde yn: fakânsjejild en einjiersútkearing, neffens de cao Nederlandse Universiteiten. Wy biede in rom pakket fan sekundêre arbeidsbetingsten.
De Stifting Fryske Akademy docht wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, de meartalige maatskippij en de regionale skiednis fan Fryslân en leveret dêrmei in kritysk-opbouwende bydrage oan it ynternasjonale wittenskiplike debat en oan hoe't de mienskip him ûntjout.
Al is de Fryske Akademy oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) liearre, it ynstitút sit stevich yn de regio bewoartele.
We maken het je graag makkelijk, log in voor deze en andere handige functies: